Hiem

Jaap van der Bij
Jaap van der Bij (yn it trouboekje Jacob). Yn de famylje Jabik

Sûnt in jier as tsien skarrelje ik wat om yn de skiednis fan myn foarâlden: de Van der Bij’s, Bergsma’s en alles wat dêr oan fêstklontert. No yn 2017 steane der al sa’n 3500 nammen yn my Heritage. Fan myn oare helte ha ik wat nammen sammele fan de Binnema’s en de Van der Veens. Guon foarâlden ha ik wat mear fleis en bonken jûn as allinne mar wat data en plaknammen. Dy ferhaaltsjes set ik hjir yn dizze “bijekoer”.

De namme Bijekoer

It ferbân mei tusken de namme fan dizze side en ús famyljenamme sille de measten sjoen ha. Dochs hat it lang duorre ear’t ik it bewiis fûn dat de namme wat mei huningbijen te meitsjen hie. Tafallich kaam ik een berte-akte tsjin dêr’t ús nammejouwer Arend (Aan) Harmens syn berop fan bijker, is bijenhâlder of ymker,  neamd wurdt.

De akte is opsteld op 11 april 1825 fan de berte fan in Jan Stelwagen op de 9e april. Arend hie him dus Van der Bij neamd yn 1812 omdat hy bijenhâlder wie. Op oare plakken kaam ik tsjin dat hy ek skuonmakker wie. Hy is no as tsjûge mei skuonmakker Stelwagen nei it gemeentehûs yn Burgum. Soe dy Stelwagen Arend syn skuonmakkerij oernommen ha?

Bogemaker

Hiel tafallich is de frou dy’t dat berntsje op de wrâld brocht ek oan ús besibbe. Guon út de famylje fan Zwaantje Bogemaker ha letter de namme Bergsma oannommen en dat wie ús mem har achternamme. Hoe’t dat yn elkoar siet sille we by de Bogemakers fierder dúdlik meitsje.

Stambeam

Hjirûnder in foto fan myn eigen stambeam oant en mei Arend Harmens van der Bij.

Dizze side is bedoeld foar famylje dy’t nijsgjirrich is nei har foarâlden. Pas op it kin ferslaafjend wurkje en it kin jo sliepeleaze nachten besoarchje.

EN TINK DEROM:

Net alles wat der op ynternet stiet is wier.